TÉATER BÛTENPOST BOEIT, GROEIT EN BLOEIT

Téater Bûtenpost kin mei grutskens weromsjen op in prachtich en tige nijsgjirrich winterskoft. Nei ’t de feriening mei har iuwfeest ‘in nije koers’ naam hat, binne de resultaten dúdlik sichtber: mear spilers en folle sealen. It ferskaat oan foarstellingen soarget derfoar dat elkenien wol wat fan syn gading fynt. Yn novimber waard de klucht ÚT op ’e planken brocht, en dat late ta twa útferkochte sealen en in protte laitsjende gesichten. Yn maart wurde Neat te ferbergjen sels yn Lelystêd en Kollum opfierd waard. Underwilens wurdt der al wer hurd wurke oan it nije seizoen, de aktiviteitekommisje soarget foar gesellige jûnen en de technyske kommisje hâldt alles efter mar ek foar de skermen strak op oarder. Sa stiet it hiele plaatsje as in hûs. Koartsein: Téater Bûtenpost is yn beweging, it boeit, groeit en bloeit. Liket it dy/jo ek moai om ris mei te dwaan? Foar of efter de skermen? Dat kin! Nim kontakt op fia e-mail: teaterbutenpost@gmail.com, of kom nei in foarstelling en praat efkes mei ús nei ôfrin. Yn alle gefallen earst oant sjen yn novimber 2026. Mear ynformaasje is te finen op teaterbutenpost.nl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *